
Frjentsjerteradiel en Frjentsjer
De kadastrale gemeenten Franeker, Ried en Tjum
Kadastrale en Prekadastrale Atlas fan Fryslān 1640-1832. Dizze atlas ferskynt yn dielen neffens gemeenten. Mei-inoar sille der 41 dielen ferskine.
(Oersjoch fan alle oant no ta ferskynde dielen mei de dźrta hearrende plaknammen).
Elk diel bestiet standert śt twa ūnderdielen.
1. de Kadastrale Atlas 1832
mei dźryn:
Register en ynlieding binne bondele yn in boek (tekst is yn it Nederlānsk en it Frysk).
2. de Prekadastrale Atlas 1700/1640
Yn dizze "Pleatse-atlas" is in rekonstruksje makke fan it grūnbesit by elke pleats yn resp. 1700 en 1640, oan de hān fan Floreen- en Stimkohieren.
De prekadastrale atlas befettet:
Kaartsjes, registers en tekst binne bondele yn in boek.
De twa boeken en de tsientallen losblźdige kaarten sitte yn in kreas kofferke fan 30 by 44 sm.
Sawol foar de wittenskiplike ūndersiker as de sneuper biedt de atlas in skat oan feiten.
De atlas kin ūnder oaren brūkt wurde foar stśdzje fan doarp, stźd en gea, ūndersyk nei pleatsen en nammen fan pleatsen, famylje-ūndersyk, stśdzje fan besitsferhāldingen of it grūngebrūk.
Wat de skiednis fan syn wenplak neigean wol, komt gauris foar fragen te stean as: "Fan wa wie earder dat hūs, dy pleats, dat stikje grūn? Hoefolle besit hie śs famylje eartiids? Wźr stiene earder mūnen of wźr wie de skipshelling?"
Fragen, dyt mei help fan it sūnt 1832 besteande Kadaster en, as it om pleatsen giet, ek mei help fan de noch āldere Floreenkohieren en Stimkohieren beantwurde wurde kinne. Dy boarnen wurde lykwols net in soad brūkt. Dat komt omdat in soad minsken se te dreech fine of net witte wźrt dy boeken te finen binne.
De Kadastrale en Prekadastrale Atlas 1640-1832 biede in hiel soad fan dy ālde gegevens yn hānsume foarm oan. Mei dy atlas krije jo unyk materiaal śt de argiven thśs en hawwe jo in prachtich helpmiddel yn hannen om sels fierder te sneupen.
Vaart, J.H.P. van der en S. Talsma, Kadastrale Atlas fan Fryslān 1832. Diel 4 - Frjentsjerteradiel en Frjentsjer. De kadastrale gemeenten Franeker, Ried en Tjum. + Mol, J.A. en P.N. Noomen, Prekadastrale Atlas fan Fryslān. De pleatsen fan 1700 en 1640 neffens de Floreen- en Stimkohieren. Fryske Akademy Ljouwert 1990. Akademy-nūmers 720 en 719. ISBN: 90 6171 720 5 en 90 6171 719 1.
160 + 149 siden. Priis mei-inoar 25,00 / foar leden en stipers 22,50.
Ynformaasje: S. Tijsma
Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.
Albert Einstein (1879-1955)