Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
WFT
Frysk

Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

Yn de 21e ieu libje alle Europeeske boargers yn in meartalige omjouwing. Yn harren deistich libben hawwe hja te meitsjen mei ferskate talen. Dêrtroch nimt de belangstelling foar meartaligens en de needsaak foar taalmienskippen om gear te wurkjen en ûnderfinings út te wikseljen ta.

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen fan de Fryske Akademy, foarsjocht yn dit ferlet troch kennis te sammeljen, ûndersykjen, bestudearjen, sirkulearjen en ta te passen op it mêd fan taallearen en taalgebrûk op skoalle, thús en troch kultuerele partisipaasje. It Mercator Kennissintrum is in ûnôfhinklike en erkende ynstelling dêr’t sawol de beliedsmakkers as de profesjonele wurkers yn it fjild mei fertrouwen gebrûk fan meitsje kinne. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa.

Op de website fan it Mercator Kennissintrum fine jo ûnder oaren:

  • In ekspertsdatabank dy't in maklike en flotte tagong kreëaret ta alle ekspertize yn it fjild fan Europeeske minderheidstalen en kontakten en gearwurking tusken kollega's mooglik makket.  Ûnderwilens binne 450 eksperts op it mêd fan Europeeske minderheidstalen, meartalichheid, taallearen, taaledukaasje en taalbelied ynskreaun.
  • De rubryk 'Ekspert yn it Skynljocht' mei de mooglikheid om ien-op-ien te kommunisearjen mei ien fan de eksperts yn de Mercator databank. Dizze rubryk biedt ek ynteressante en ynsichtlike kommentaren oangeande de ûnderwerpen dy't hjirboppe neamd wurde, djipgeande ynhâld en eksklusive fraach-antwurd-petearen.
  • Regionale dossiers, dy't it funksjonearjen fan minderheidstalen yn it ûnderwiis beskriuwe, ynformaasje jouwe oer nasjonale en regionale ûnderwiissystemen en de lêste statistiken op it mêd fan minderheidstalen yn it ûnderwiis yn de Europeeske Uny befetsje.
  • De Mercator Network Nijsbrief.
  • Tal fan publikaasjes
  • Ensfh.
Mooie woorden

“Equipped with his five senses, man explores the universe around him and calls the adventure Science.”

“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)


Frysk Frysk