- Datum en tiid: freed 19 maaie 2017 | 09.45-17.30
Plak: Van Hall Larenstein, Agora 1, 8934 CJ Ljouwert
Organisaasje: Biologysk Wurkferbân
Download it programma (pdf)
It Biologysk Wurkferbân en de Nederlandse Ornithologische Unie organisearje op freed 19 maaie 2017 it sympoasium 'Ganzen: beheersen? beheren?' by Van Hall Larenstein yn Ljouwert.
It oerwinterjen fan guozzen yn Nederlân hâldt gâns minsken hieltyd wer dwaande. Yn 'e 70'er jierren waarden ûnderskate populaasjes yn har bestean bedrige. De beskermjende maatregels dy't doe nommen binne, hawwe it effekt hân dat derfan ferwachte waard. It sukses wie sels sa grut, dat der no geregeldwei klage wurdt dat der tefolle guozzen binne: se leverje tefolle skea op, meidat der tefolle op 'e ferkearde tiid op ferkearde plakken binne. De kosten nimme algeduerich ta, wylst it tal guozzen al in pear jier net mear tanimt. Wat is hjir te rêden?
Op dit sympoasium wurde de feiten oan 'e oarder steld. Tsien jier lyn organisearre de Nederlandse Ornithologische Unie in grut lanlik wittenskiplik kongres oer de problematyk fan de oerwinterjende guozzen. Wat is der yn 'e ôfrûne 10 jier feroare wat feiten en persepsje fan de oerwintering fan guozzen oangiet? Hoe moatte wy de kommende tiden omgean mei it oerwinterjen fan guozzen yn Nederlân? Hokker antwurden biedt de wittenskip ús anno 2017? Soksoartige fragen wurde op dit sympoasium op it aljemint brocht.
Programma
De powerpoints op it sympoasium kinne hjir as pdf download wurde.