Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
WFT
Frysk

Register op De Burmania-sprekwurden

Santjinde-ieuske Fryske sprekwurden ferklearre en yn har tiid besjoen

Yn 2003 ferskynde fan de hân fan Frits van der Kuip it proefskrift De Burmania-sprekwurden. Santjinde-ieuske Fryske sprekwurden ferklearre en yn har tiid besjoen. Om it boek foar de brûker tagonkliker te meitsjen hat de auteur der in register op makke. It register is gjin index verborum, mar in semantysk register.

De opnommen wurden hawwe in dúdlike opsykfunksje. It register hat Nijfryske yngongen, folge troch in ferzje mei Nederlânske en ien mei Ingelske yngongen. By elke yngong wurdt net allinne nei de nûmers fan de oanbelangjende sprekwurden ferwiisd, mar wurde ek de foarmen jûn sa't se yn de Midfryske sprekwurdetekst steane.

Men kin no frij maklik sprekwurden en útdrukkingen opsykje dy’t bygelyks mei de tsjerke of it boerebedriuw te krijen hawwe. Men kin dan ek sjen dat yn dizze samling fan idioom út it begjin fan de 17e ieu wol prysters, beginen, mûntsen en abten foarkomme, mar noch gjin dominy’s en âlderlingen, of dat kij, hynders en hûnen elk sa’n tweintich kear foarkomme, wylst de kat minder yn tel is. Foar de kij moat men dan sykje ûnder wurden as bolle, keal, ko, twinterbolle en foar de hynders ûnder fôle, gûl, hynder en merje.

Efteroan steane apart listen mei plak- en eigennammen.

Van der Kuip, F.J. Register op De Burmania-sprekwurden. Santjinde-ieuske Fryske sprekwurden ferklearre en yn har tiid besjoen. Fryske Akademy, Ljouwert 2004. 146 siden. 
Priis € 15,00 / foar leden en stipers € 13,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“The whole of science is nothing more than a refinement of everyday thinking.”

“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)


Frysk Frysk