Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
WFT
Frysk

Fryske wurdfoarming

Binnen de taalstúdzje hâldt de morfology him û.o. dwaande mei de bou fan wurden en de wurdfoarming. Foar it Frysk wurdt no mei it boek Fryske wurdfoarming in beskriuwing jûn fan hoe't besteande wurden yn it Frysk opboud binne en hoe't nije foarme wurde.

Yn de ynlieding ferantwurdet de auteur de opset en oanpak fan de matearje. Hy jout oan, wêrom't ûnderskate tema's oan 'e oarder steld wurde.

Dan wurde de gearsettingen behannele (lykskikkende en ûnderskikkende).

Dan folgje de gearkeppelingen (haadwurdlike, eigenskipswurdlike en tiidwurdlike).

De haadstikken 3 oant en mei 7 nimme de foar- en efterheakselôfliedingen ûnder de loep (dy fan haadwurden en eigenskipswurden).

Dan folget de ôflieding fan tiidwurden, bywurden en útropwurden. In wiidweidige literatuerlist makket it boek kompleet. In yndeks op saakwurden makket de tagonklikheid grutter.

It boek is foar eltsenien mei mear as oerflakkige ynteresse foar it Frysk ûnmisber.

Hoekstra, J., Fryske wurdfoarming . Fryske Akademy, Ljouwert 1998. Akademy-nûmer 870. 
ISBN 90 6171 870 8. 184 siden. Priis € 11,50 / foar leden en stipers € 11,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"As it net sile wol, moat men lavearje"

Als men niet kan zeilen moet men laveren


Frysk Frysk