Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
WFT
Frysk

Handbuch des Friesischen - Handbook of Frisian Studies

It Handbuch des Friesischen/Handbook of Frisian Studies is de earste útjefte mei in systematysk oersjoch fan it Frysk fan 'e runetiid ôf, oant de tiid fan it Frysk as Europeeske minderheidstaal.

Spearpunten yn it boek binne de West-, East- en Noard-Fryske dialekten yn Nederlân en Dútslân, standert West-Frysk, de skiednis fan de Fryske talen en literatuer en Aldfrysk yn 'e Midsieuwen.

Ynliedende artikels jouwe in detaillearre oersjoch fan 'e hjoeddeiske ynstituten en aktiviteiten op it mêd fan taalûndersyk en -ûnderhâld.

It Handbuch/Handbook mei 79 artikels skreaun troch 45 auteurs stribbet dernei om wiidfiemjende ynformaasje te jaan, wylst tagelyk wichtige ynformaasje foar oanswettende disciplines jûn wurdt.

Handbuch des Friesischen/Handbook of Frisian Studies. Utjûn troch Horst Haider Munske yn gearwurking mei Nils Århammar, Volkert F. Faltings, Jarich F. Hoekstra, Oebele Vries, Alastair G.H. Walker en Ommo Wilts. 2001. XIV, 846 siden 16 ôfbyldings/ Linnen bân. ISBN 3 484 73048 X. Priis € 155,00.

It besteladres is:

Max Niemeyer Verlag GmbH, Postfach 2140, D-72011 Tübingen, 
tel. 0049 7071 98 94 94/faks 0049 7071 98 94 50, e-mail g.moeller @svk.de

Mooie woorden

“The whole of science is nothing more than a refinement of everyday thinking.”

“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)


Frysk Frysk