Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
WFT
Frysk

Taalkundich Wurkferbân

Sjoch foar gearkomsten by
Aginda

Doel
It Taalkundich Wurkferbân wol lju mei niget oan de taalkundige bestudearring fan it Frysk -sneupers likegoed as taallju fan profesje- gearbringe troch it organisearjen fan twa temamiddeis yn in winterskoft, om sa de Fryske taalkunde fuort te sterkjen. Net allinnich it Nijfrysk, mar ek it Ald- en Midfrysk en de oergongen dęrtusken kinne oan 'e oarder komme. Allyksa kinne it East- en Noard-Frysk en de Hollânske dialekten op in Frysk substraat (fan foaral West-Fryslân en Noard-Grinslân) op it aljemint komme. Der wurdt altyd besocht om op de iene middei in dreger en op de oare in better tagonklik tema oan 'e oarder te krijen. 

Temamiddeis
De ôfrűne jierren hawwe der temamiddeis west oer syntaksis, etymology, morfology, dialektology, Stedfrysk, de tiidwurdkloft, aspekten fan it Fryske leksikon, de skiednis fan de Fryske taalkunde, syntaksis en it Frysk en syn perifeare dialekten. De measte lęzings ferskine yn tydskriften of yn aparte publikaasjes.

Dei fan de Fryske Taalkunde
It Taalkundich wurkferbân hâldt op 14 desimber de Dei fan de Fryske taalkunde. Klik hjir foar mear ynformaasje.
 

Ynformaasje by
Siebren Dyk (foarsitter) en Willem Visser (skriuwer)

Ferskaat
Oare wurkferbannen en wurkgroepen

Ynljochtings wurkferbannen en wurkgroepen
Gelbrigje Haringsma

Mooie woorden

“Ús âldfaars taal ferhúnd, ferstaat, ferproppe wie nęsteby yn it reach betiisd, yn it jierfek stoppe”

“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)


Frysk Frysk