Yn it karbrief fan de Fryske Akademy stiet ús doelstelling helder ferwurde:
'It yn-stân-hâlden fan in wurkmienskip, dy't him útleit op it beoefenjen fan de wittenskip dy't mei Fryslân, it Fryske folk en syn kultuer yn al syn uterings, en soks yn de wiidste omfieming, ferbûn is.'
Dat is de haaddoelstelling fan de Fryske Akademy foar de lange termyn. De konkrete doelen foar de kommende jierren wurde beskreaun yn it strategysk beliedsplan 2010-2014
Oan ús doelstellings jouwe wy op de folgjende wizen stal:
- De Fryske Akademy fergruttet de kennis oer de Fryske taal, skiednis, kultuer en mienskip troch de wei fan ûndersyk en makket dy kennis tagonklik foar in nasjonaal en ynternasjonaal publyk fan saakkundigen.
- De Fryske Akademy publisearret wittenskiplike boeken, artikels en rapporten oer de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij en organisearret lêzings, kongressen en sympoasia.
- Wy ferspriede ús kennis troch bygelyks it grutte Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT) en it HIStoarysk Geografysk Ynformaasjesysteem HISGIS online foar elkenien beskikber te meitsjen.
- Wy inisjearje en nimme diel oan projekten dêr’t de sosjologyske, psychologyske en pedagogyske aspekten fan de Fryske maatskippij sintraal yn stean, lykas Boppeslach en Mercator (Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen).
- De Fryske Akademy fersoarget fia bysûndere learstuollen yn Leiden en Amsterdam universitêr ûnderwiis en ûndersyk op it mêd fan de Fryske taal- en letterkunde en de midsieuske skiednis fan Fryslân.
“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)