
in 1811-1812 in Friesland aangenomen of bevestigd
Deel 4: Hennaarderadeel, Hindeloopen, Idaarderadeel, Kollumerland en Nieuw-Kruisland, Leeuwarden en Leeuwarderadeel
Sûnt 1964 beskikke wy oer in repertorium fan alle famyljenammen dy't yn 1947 yn Fryslân foarkamen.. Se binne de provinsje - mei dêrby ek oanjûn de frekwinsje de gemeente - útjûn troch Van Gorcum N.V. Assen. Ut dat materiaal koene de bewurkers inkele konklúzjes lûke, ûnder mear dat der yn 'e provinsje Fryslân hiel wat migraasje plak fûn hat. In ferliking mei gegevens út in eardere perioade wie oant no ta net mooglik, om't dy gegevens dreech tagonklik wiene.
Yn dizze publikaasje fan 'e Fryske Akadamy is keazen foar de opset om allinne de registers fan famyljenammen te bewurkjen. Foar elke gemeente komt der in alfabetyske yndex op 'e famyljenammen èn op 'e foarrnammen. De registers fan famyljenammen tankje harren ûntstean oan in tal wetten; it Keizerlik Dekreet 18 july 1811 wie dêrfan foar Fryslân it wichtichste. By dat dekreet waarden de ynwenners ferplichte in fêste famyljenamme oan te nimmen. De ynwenners dy't al ien hiene moasten dy ek fêstlizze. De yndruk bestiet, dat oan it earste better foldien is as oan it twadde, benammen yn 'e stêd.
Ut in ferliking mei oare provinsjes docht fierder bliken, dat der yn Fryslân mear bewarre bleaun is as earne oars.
P. Nieuwland e.a., Repertorium van familienamen in 1811-1812 in Friesland aangenomen of bevestigd. Deel 4: Hennaarderadeel, Hindeloopen, Idaarderadeel, Kollumerland en Nieuw-Kruisland, Leeuwarden en Leeuwarderadeel. Monumenta Frisica 29. Fryske Argyfrige.
Fryske Akademy, Ljouwert 1979. Akademy-nûmer 562. ISBN: 90 6171 562 8.
139 siden. Priis € 4,50 / foar leden en stipers € 4,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt wêr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)