Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
WFT
English

Samle dichtwurk fan Rein Baukes Windsma

Mei ynlieding en oantekeningen fan D.A. Tamminga

Rein Baukes Windsma (1801-1862), libbe en dichte yn in earste bloeiperioade fan ’e Nijfryske letterkunde, sa omtrint 1820/1830. Hy wie skoalmaster te Wolsum.Lykas syn tiidgenoaten, dy’t meastentiids út wat hegere rûnten kamen, wie hy yn syn taalgebrûk ek sterk beynfloede troch Gysbert Japicx. Syn tematyk lykwols wie typysk ier-njoggentjinde-ieusk, earder Biedermeier as romantysk.

Douwe Tamminga besoarge yn 1981 it samle dichtwurk fan Windsma en skreau der in ynlieding by.

Opnommen binne de trije dichtbondels dy’t Windsma by syn libben útjoech:

  • Friesch Blom-koerke, aef Grijmanck fen ijtlijcke rijmckes (1829),
  • Friezne Blomme-krânze (1833) en
  • Bledden uwt myn Schrieuw-Boeck (1847).

Dêrby is ek foar it earst it Schriuew-Boeck fen Rein Baukes Windsma, sa’t dat yn hânskrift bewarre wurdt yn It Tresoar (ôfd. FLMD), yn print útjûn.

Douwe Tamminga (ed.), Samle dichtwurk fan Rein Baukes Windsma. Iduna-rige nûmer 8. 
Fryske Akademy 1981. Akademy-nûmer 583. ISBN: 90 6171 583 0. 396 siden. 
Priis € 11,00 / foar leden en stipers € 9,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“History is the witness that testifies to the passing of time; it illumines reality, vitalizes memory, provides guidance in daily life and brings us tidings of antiquity.”

“Skiednis is de tsjûge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it ûnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)


Frysk Frysk