Yn ’e mande mei oare ynstellings en organisaasjes űntwikkelet de Fryske Akademy lanlike en ynternasjonale projekten, dęr’t űnderskate aspekten fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij sintraal yn stean.
Frijwilligers en ynteressearren leverje in grutte bydrage oan dy projekten. Soene jo dielnimme wolle, mail dan Nora Pratley fan P&O of belje (058) 213 14 14.
Mercator
Ien fan de grutste projekten is Mercator. Mercator is it Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, dat him rjochtet op it Frysk as eigen taal fan Fryslân en as minderheidstaal yn Nederlân yn ferlykjend perspektyf mei oare Europeeske (minderheids)talen.
Mercator soarget foar:
Boppeslach
Foar it projekt Boppeslach docht de Fryske Akademy, yn opdracht fan de provinsje Fryslân, űndersyk nei:
Taalportaal
Oant en mei 2014 wurdt der hurd wurke oan it Taalportaal: in firtueel taalynstitút, dęr’t men fragen oer de Fryske (en Nederlânske) grammatika oan stelle kin. De Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek (NWO) subsidiearret dit projekt, dat laat wurdt troch in projektgroep besteande út meiwurkers fan:
HISGIS
Yn 2010 gie de fernije website www.hisgis.nl online. HIS stiet foar ‘histoarysk’ en GIS foar ‘geografysk ynformaasjesysteem’. It systeem is foar elkenien dy’t niget hat oan kaarten, histoarje, huzen, nammen, genealogy en grűnbesit. HISGIS is opset per gewest en omfiemet op it heden űnder oaren Fryslân, Grinslân, parten fan Utrecht, de gemeente Sittard-Geleen en Oerisel (foarriedige ferzje).
Mei HISGIS kin men ‘yn it ferline reizgje’. De besiker fan de website klikt op in lânkaart. Oan elke kaart binne tabellen ferbűn mei tekst en sifers dy’t ynformaasje jouwe oer it gebiet of de strjitte. De fundearring fan it systeem bestiet út it digitalisearre âldste kadaster (fan 1832). Foar HISGIS binne de kadasterkaarten digitaal neitekene en yn in koördinatestelsel pleatst, sadat se op topografyske kaarten passe. Dęrnei binne oan elk perseel de byhearrende gegevens oer eigners, boaiemgebrűk en wearde fan 1832 hinge. HISGIS wurdt allegeduerigen mei nije bestannen útwreide, sadat der hieltiten mear ferbannen te lizzen binne.
de morgenstond heeft goud in de mond