Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk

Jo binne wolkom by de Fryske Akademy

Wolle jo mear ynformaasje oer ús wurk? Wolle jo josels oanmelde foar wurkferbannen, donateur wurde of ús in besite bringe? Jo binne fan herte wolkom by de Fryske Akademy. Jo kinne kontakt opnimme fia mail of ús belje op (058) 213 14 14.

 

Iepeningstiden

De Fryske Akademy is iepene fan moandeis oant en mei freeds fan 8.00 oant 16.30 oere. Op dy tiden binne wy ek telefoanysk berikber. Belje jo bûten dy tiden om, dan kinne jo in boadskip efterlitte op it antwurdapparaat. Wy belje jo dan sa fluch mooglik werom. Fansels kinne jo ús ek in mail stjoere mei jo fraach of opmerking.

 

Berikberens mei trein of auto

De Fryske Akademy leit yn it sintrum fan Ljouwert, op sirka tsien minuten te gean fan it NS-stasjon ôf. Jo kinne tsjinoer de Fryske Akademy maksimaal twa oeren (betelle) parkeare. Tichtby de Fryske Akademy binne der ferskate parkeargaraazjes, dêrûnder parkeargaraazje Oldehove en parkeargaraazje Hoeksterend. Sjoch foar mear ynformaasje op www.parkeergaragesleeuwarden.nl.

Mooie woorden

“Equipped with his five senses, man explores the universe around him and calls the adventure Science.”

“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)