Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
WFT
Frysk

Leden

Alle jierren beneamt de direkteur fan de Fryske Akademy op de Akademydei (de dies natalis of jierdei fan de Fryske Akademy) in tal nije leden. Oars as stipers / donateurs wurde leden útkeazen en beneamd op grûn fan fertsjinsten foar de Fryske wittenskip of kultuer, dy’t yn trije kategoryen falle:

a. fertsjinsten op it mêd fan de wittenskip
b. fertsjinsten foar de Fryske kultuer
c. grutte, oanhâldende niget oan de wittenskip of foar de Fryske kultuer yn it algemien

Dizze eare falt alle jierren sa'n 7-8 minsken ta. Leden wurde al sûnt de oprjochting fan de Fryske Akademy yn 1938 beneamd. Op dit stuit binne sa'n 450 minsken lid. Leden binne wichtich foar de Fryske Akademy as ambassadeurs en as tinktank. Op 9 juny 2012 waard de earste lededei holden. Troch sokke aktiviteiten wol de Akademy de bân mei har leden fuortsterkje.


Oersjoch leden

Paragraaf oer it lidmaatskip yn it karbrief fan de Fryske Akademy

* Foto's fan de ledemiddei fan 9 juny 2012 steane hjirre.

Mooie woorden

"As it net sile wol, moat men lavearje"

Als men niet kan zeilen moet men laveren


Frysk Frysk