Ha jo niget oan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij, en drage jo it wurk fan de Fryske Akademy in waarm hert ta? Wurd dan donateur fan de Fryske Akademy.
Foar 25,- stypje jo de Fryske Akademy én ha jo ferskate foardielen:
Foar 20,- ekstra ha jo ek in abonnemint op it wittenskiplik periodyk It Beaken, dat fjouwer kear it jier ferskynt.
Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei Anke van Gorkum fia e-mail of telefoannūmer (058) 213 14 14.
Koarting foar studinten
Studinten krije op fertoanen fan in kopy fan harren kolleezjekaart in koarting fan 5,- op it lidmaatskip. Studinten betelje dus 20,-. Foar 5,- ekstra hast as studint ek in abonnemint op it wittenskiplik periodyk It Beaken, dat fjouwer kear it jier ferskynt.
Būtenlān
Wenje jo būten Nederlān en wolle jo graach donateur fan de Fryske Akademy wurde? Dat kin. Foar 35,- binne jo donateur en ūntfange jo fjouwer kear it jier it nijsmagazine Ut de Smidte. Foar 25,- ekstra ha jo ek in abonnemint op it wittenskiplik periodyk It Beaken, dat fjouwer kear it jier ferskynt.
Sa wurde jo donateur
As jo jo opjouwe as studint graach in kopy fan jo kolleezjekaart nei de Fryske Akademy stjoere.
Mear ynformaasje: Anke van Gorkum
de morgenstond heeft goud in de mond