De Fryske Akademy is in ûndernimmend ynstitút dat wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij.
Kennis útwikselje
Wy wurkje gear mei ûnderskate (wittenskiplike) ynstellings yn binnen- en bûtenlân. Elkenien is by ús fan herte wolkom, bygelyks foar advys oer de Fryske taal. De Fryske Akademy wikselet kennis en ynformaasje út mei ûnder oaren:
Wat kinne jo op dizze website fine?
Op dizze website lêze jo ûnder oaren oer de doelstellings fan de Fryske Akademy en kinne jo in part fan ús boeken en publikaasjes besjen. Ek kinne jo fia dizze website de saakkundigen fan ús Taalburo om taaladvys freegje.
Ha jo in fraach? Nim dan kontakt mei ús op fia e-mail of belje (058) 213 14 14.
![]() Medicine and SpaceAkademy-meiwurker dr. Han Nijdam is mei-redakteur fan it boek Medicine and Space dat útkaam is by Brill. It boek behannelet it tema medyske skiednis út de Aldheid en de Midsieuwen. Lês mear |
![]() Boek foar 90-jierrige dr. Bernard SmildeDr. Bernard Smilde (lofts) krige sneon 28 jannewaris út hannen fan dr. Jan Dirk Wassenaar it earste eksimplaar fan Dr. Bernard Smilde; tûzenpoat en trochsetter útrikt. Lês mear |
![]() Tussen Hemsterhuis en GrimmDizze bondel befettet artikels fan taalwittenskipper Tony Feitsma (1928-2009) oer Joast Hiddes Halbertsma as taalkundige. Lês fierder
|
“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)