Call for papers Morfologiedagen 2013 yn Ljouwert
Deadline: 15 septimber 2013
Freed 13 desimber 2013 (en ôfhinklik fan it tal oanmeldings ek sneon 14 desimber 2013), Fryske Akademy, Ljouwert
Nei it súksesfolle kongres yn Leien yn septimber 2012, sil de folgjende edysje fan de 'Morfologiedagen' holden wurde yn Ljouwert. De Fryske Akademy - dy't dit jier 75 jier bestiet - hat de organisaasje fan de Morfologiedagen 2013 op him nommen.
De ‘Morfologiedagen’ biede in foarum foar wittenskiplik debat oer alle mooglike aspekten fan benammen de Nederlânske en Fryske morfology. De fiertalen binne Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.
Graach krije wy koarte gearfettings (maks. 300 wurden) foar 15 septimber 2013 mei de e-post op it folgjende adres:
jspoelstra@fryske-akademy.nl, mei as ûnderwerp “abstract Morfologiedagen”.
Presintaasjes: 30 min. (ynkl. 10 min. diskusje)
Organisaasje: Siebren Dyk, Eric Hoekstra, Janneke Spoelstra en Willem Visser (Fryske Akademy, Ljouwert)
Foar mear ynformaasje: ehoekstra@fryske-akademy.nl.
“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)