
Yn dizze ûndersyksrapporten rjochtet Van der Goot him op differinsjaasjestrategyen yn it basisûnderwiis.
Hy ûndersiket oft differinsjaasje fan ynstruksje bydraacht oan 'e doelen fan twatalich ûnderwiis yn Kataloanje (Spanje).
Hy sjocht oft it wol in brûkber ynstrumint is benammen yn regio’s dêr’t bern mei ferskate taaleftergrûnen net allegearre begjinne mei itselde taalnivo.
Fierders wurdt algemien oanjûn oft de situaasje yn Kataloanje ek brûkber is foar oare twatalige regio’s yn de Europeeske Uny.
Goot, Auke Sj. van der, Bilingual Education in Catalonia. Differentiation Strategies in Primary Education. Ljouwert/Leeuwarden: Fryske Akademy/ Mercator-Education, 1996, 42 s. De priis fan it rapport is € 7,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
Als het niet kan zoals het moet, dan moet het maar zoals het kan