
A bibliography on European regional or minority languages
Jo hearre gauris dat it net ienfâldich is om op it stik fan 'e minderheidstalen oan goede ynformaasje te kommen. Dat hat der fansels mei te krijen dat de stúdzje fan dy talen foar in grut part yn 'e oanbelangjende gebieten bart. Boppedat, de útjouwers fan materiaal oer hoe't dy regionale of minderheidstalen funksjonearje, beskikke net oer in machtich en útwreide distribúsjenetwurk. Om koart gear te fetsjen: de ynteresseare learaar yn Fryslân sil o sa lang sykje moatte ear't er gegevens oer twataligens op skoallen yn Friűli fine kin.
Dęr hat Mercator-Education no wat oan dien. De bewurkers hawwe sa'n 1700 titels gearbrocht dy't fan belang binne foar de stúdzje fan minderheidstalen yn Europa, benammen foar safier't it it űnderwiis oangiet. Dat giet dan om hiele boeken, artikels út relevante tydskriften, rapporten ensafuorthinne, benammen yn talen dy't mear tagonklik binne foar lęzers fan bűten, lykas Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Spesjalistyske publikaasjes mar ek guon fan mear algemiene aard binne opnommen. Mei de bibliografy is it mooglik om boeken te sykjen oer in bepaalde taalmienskip, bygelyks de Dútsers yn België, of oer in beskaat tema, lykas twataligens en fuortset űnderwiis of de publikaasjes fan ien skriuwer.
Mei dy registers wurdt it mânske boekwurk maklik tagonklik foar ien dy't allinne mar út in beheinde fraach wei siket. De yn it Ingelsk stelde bibliografy bestiet út in seleksje út 'e bibliografyske databank dy't Mercator-Education yn 'e rin fan 'e jierren opboud hat en dy't op dit stuit op 'e Akademy te rieplachtsjen is. Foar wa't nijsgjirrich is nei in foarpriuwke: in tal titels steane ek op 'e side fan Mercator. De besoargers fan de bibliografy binne harren der tige fan bewust dat dat medium noch net elkenien berikke kin en dęrom is it wurk yn boekfoarm beskikber kommen.
Tjeerdsma, R.S. [and] M.B.Stuijt (eds.). Bilingualism and education: a bibliography on European regional or minority languages. Fryske Akademy/Mercator-Education, Ljouwert 1996. 490 siden. Akademy-nűmer 836. ISBN 90 6171 836 8. Priis € 22,50 / foar leden en stipers € 20,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
William Shakespeare (1564-1616)