Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Provision of Learning Materials

It LEMA projekt, troch Mercator-Education útwurke fan 1991-1993, evaluearret de foarsjenning fan learmateriaal foar leger en (yn mindere mate) foarskoalsk ûnderwiis yn de regionale of minderheidstaalmienskippen fan de Europeeske Uny.

Der wurdt omtinken jûn oan ûnderwiis yn de minderheidstaal en oan it ûnderwizen fan de minderheidstaal.

Diel II fan de publikaasje bestiet út 22 monografyske ferslaggen, skreaun troch lokale eksperts.

Elk fan harren beskriuwt de sitewaasje yn dat gebiet foar in spesifike taalmienskip en jout dêrby oan wa't it learmateriaal ûntwikkelet, hoe't it makke en ferspraat wurdt, hokfoar mooglikheden der binne foar ynterregionale gearwurking ensafh. Boarnen en it sinjalearjen wêr't ferlet fan is, is it wichtichste dêrby. Al dy ferslaggen binne sawol yn it Ingelsk as yn de taal dêr't se oarspronklik yn skreaun binne.

Yn Diel I wurdt de metoade fan wurkjen fan it projekt beskreaun en wurde de gegevens ferlike. Ien haadstik befettet konklúzjes en rekommandaasjes, sawol oangeande ûnderwiispraktyk as belied op ferskate nivo's.

Tjeerdsma, R.S., J.A. Sikma, Provisions of Learning Materials for primary and pre-primary education
Fryske Akademy/Mercator-Education Ljouwert 1994. ISBN: 90 6171 796 5. 317 siden. 
Priis € 18,00 / foar leden en stipers € 17,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"As 't net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin"

Als het niet kan zoals het moet, dan moet het maar zoals het kan