
Vol. 1, 2 en 3
Dizze publikaasje befettet de rissultaten fan it EMOL projekt: in stúdzje nei de posysje fan autochtoane minderheidstalen yn 'e learare-oplieding fan 'e leden fan 'e EU.
It earste part fan dizze publikaasje befettet in gearfetting, it twadde part de yndividuele EMOL rapporten.
De ôfkoarting 'EMOL' stiet foar de projekttitel yn it Frysk: 'Europeeske Minderheidstalen yn de Oplieding fan Leararen'.
It projekt kaam ta stân fanwege it ferlet fan spesjalisten om de opliedings fan leararen yn 'e minderheidstalen te ynventarisearjen.
Dekkers, A. Teacher Training of Minority Languages for Primary and Secondary Education.
Fryske Akademy/Mercator-Education Ljouwert 1995.
ISBN: 90 6171 804 X, 90 6171 805 8 en 90 6171 806 6. 853 siden. Diel 1, 2 en 3. Priis € 34,00 / foar leden en stipers € 33,00
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)