
Inventory of the provisions for trilingual primary education in minority language communities of the European Union
De Fryske Akademy hat in nije stúdzje útbrocht oer trijetalich basisûnderwiis yn Europa. De stúdzje is dien yn opdracht fan de Europeeske Kommisje, dy’t witte woe hoe’t it der yn de Europeeske Uny foar stiet mei it trijetalich basisûnderwiis. De stúdzje fan de Fryske Akademy is dien troch Danny Beetsma fan it ynternasjonale Mercator-Education sintrum dat oan de Akademy ferbûn is.
It rapport beskriuwt 12 ferskillende situaasjes fan trijetalich basisûnderwiis, te witten yn Eastenryk, Finlân, Dútslân, Itaalje, Lúksemburch, Spanje en Nederlân (Fryslân).
Sa wurdt dúdlik dat it rinnende Fryske projekt fan de trijetalige skoallen dy’t Nederlânsk, Frysk en Ingelsk as fiertaal brûke, yn Nederlân unyk is, mar yn Europeesk ferbân al lang net mear.
Jasone Cenoz út Spaansk Baskenlân beskriuwt yn har haadstik bygelyks hoe’t it trijetalige basisûnderwiis yn Spanje al hiel fier ûntwikkele is.
Skoalbern krije dêr al fan 4 jier ôf Ingelske les, neist Baskysk en letter ek Spaansk.
Al mei al makket de ynventarisaasje fan Beetsma dúdlik dat der yn Europeesk ferbân hiel wat te dwaan is op it gebiet fan it trijetalich basisûnderwiis.
Beetsma, Danny, Trilingual Primary Education in Europe. Inventory of the provisions for trilingual primary education in minority language communities of the European Union.
Mercator-Education/Fryske Akademy, Ljouwert 2002. 138 siden. Priis € 15,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
de morgenstond heeft goud in de mond