Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Hânboek: Fryslân yn 'e tiid fan 'e Republyk

As ferfolch op in yn 1998 publisearre synteze fan 'e Fryske skiednis nei 1750 wurdt op it stuit troch in tal ûndersikers gearwurke om te kommen ta in syntetyske stúdzje oer de skiednis fan Fryslân yn 'e tiid fan 'e Republyk, 1580-1795. De redaksje wurdt foarme troch G. Jensma en H. Spanninga. Om it plak fan Fryslân yn 'e Republyk te ferdúdlikjen wurde de ûntjouwings yn Fryslân hieltiten ferlike mei dy yn 'e oare gewesten. Yn 'e provinsje Fryslân sels sille ek hieltiten ferlikings makke wurde tusken stêd en plattelan, tusken klaaigebieten en de sângebieten en tusken maatskiplik 'heech en leech'. Kearnhaadstikken sille, foar in part ek yn oansluting op it eardere boek, wêze: 'longue durée' fan lânskip, behearsking fan it wetter en de demografy; politike skiednis, ynstellings en politike kultuer; de godstsjinstige ûntjouwings en de ferhâlding tsjerke en steat; kulturele ûntjouwings (leare, lêze, fermaak en pronkjen). Yn in einhaadstik sil it plak fan Fryslân yn 'e tiid fan 'e Republyk beskreaun en analysearre wurde. De redaksje stribbet nei publikaasje yn 2005.

G. Jensma

Mooie woorden

"Moarns let, de hiele dei let"

de morgenstond heeft goud in de mond