Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Bibliotheca Hemsterhusiana

Yn 1791 waard it mienskiplike boekebesit fan de filolooch Tiberius Hemsterhuis (1685-1766) en fan syn soan, de filosoof Frans (Franciscus, François) Hemsterhuis (1721-1790), feild. De oerlevere auksjekatalogus jout gâns ynformaasje oer de boarnen dy't beide emininte gelearden by harren wurk ta har foldwaan hiene. Dy katalogus wurdt fia in fotomeganyske werprintinge op 'e nij útjûn en neier ûntsletten. Dat bart mei in ynlieding, taheakken mei kommentaar, en registers. Utgongspunt is it eksemplaar fan de auksjekatalogus út it gemeente-argyf fan De Haach, dêr't al neffens boek mei in pinne de ferkeapprizen yn oantekene binne. Fierder befettet de nije útjefte in bibliografy fan beide gelearden en in genealogy dêr't út bliken docht hoe't de fan oarsprong Fryske famylje Hemsterhuis tusken 1500 en 1800 fan in geslacht fan einierde boeren yn in geleardedynasty feroare.

De hjirboppe beskreaune Bibliotheca Hemsterhusiana waard presintearre op in kongres oer Frans Hemsterhuis yn septimber 2001. Dat kongres, dat organisearre waard troch de Fryske Akademy yn Ljouwert, stie yn it teken fan it ferskinen fan 'e Nederlânske en Italiaanske oersettings fan Frans Hemsterhuis syn Oeuvres.

Jacob van Sluis

Mooie woorden

"Moarns let, de hiele dei let"

de morgenstond heeft goud in de mond