De jurist, diplomaat en politikus dr. Hessel Aysma (sirka 1528-1592) wie lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân (1559-1560), syndikus fan Grins (1560-1567) en flechte yn 1567 nei Imden, dêr't er yn tsjinst fan it Eastfryske grevehûs stie. Werom yn Fryslân wied er lid fan de Steaten-Generaal (1577-1580) en presidint fan it Hof fan Fryslân (1578/1580-1587). Hy naam diel oan de delegaasjes dy't yn 1584 en 1585 de soevereiniteit oer de Nederlannen oanbeaen oan Hindrik III fan Frankryk en Elisabet I fan Ingelân.
tachtiger jierren wie Aysma in tige ynfloedryk politikus en as haad fan de Hoffaksje in trou oanhinger fan de greve Leicester (1586-1587). Hy kaam sa yn 'e boech mei steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau en mei de Steatefaksje ûnder lieding fan Karel Roorda. Nei de ôfgong fan Leicester yn 1587 waard Aysma yn syn hûs finzen nommen en as presidint ôfset. Syn soan Taco soarge yn 1618 foar rehabilitaasje. It doel fan de biografy is om mear ynsjoch te krijen yn it proses fan steatsfoarming yn Fryslân yn 'e tiid fan de Nederlânske Opstân.
hellinga@fa.knaw.nl">O. Hellinga
“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)