Sûnt 1584 wie Willem Loadewyk steedhâlder fan Fryslân en waard yn 'e njoggentiger jierren ek yn dy funksje beneamd yn Grins/de Ommelannen en Drinte. Yn dizze stúdzje - basearre op ûndersyk yn argiven yn binnen - en bûtenlân - sil besocht wurde it libben en wurk fan dizze Dútske greve te pleatsen yn it ramt fan syn tiid. Foar syn foarmingsjierren betsjut dat dat benammen omtinken frege wurde sil foar syn heit Jan van Nassau, dy't as kalvinist, ferdigener fan de Unie van Utrecht en mei-oprjochter fan de hegeskoalle te Herborn wichtich west hat foar de skiednis fan de noardlke Nederlannen. Tema's dy't yn it kommende boek foar master op slaan sille: in Dútske greve yn in Fryske kontekst, d.w.s. de spanning tusken de tsjinner fan de Fryske Steaten en in Dútsk monarch, patronaazje, Willem Loadewyk en Maurits as militêren, Willem Loadewyk as tutor religionis.
Als het niet kan zoals het moet, dan moet het maar zoals het kan