Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

De abtekronyk fan Aduard

De yn 1192 stichte abdij fan Aduard by Grins wie it rykste en machtichste kleaster fan de Fryske lannen. Sy wie tagelyk ek it wichtichste cistersiënzer konvint fan Nederlân. Har muontsen hawwe op ‘e ein fan de 15de en in de 16de ieu har skiednis fêstlein yn in kronyk. Dêrfan wurdt sûnt in pear jier troch in groep kleasterhistorisy in nije edysje taret, mei in paralleloersetting en in tal begeliedende artikels.

De bondel, ûnder redaksje fan Jaap van Moolenbroek en Hans Mol, en mei meiwurking fan Jakob Loer, is yn 2010 ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy útjûn. De flankearjende stúdzjes hawwe betrekking op ferskate aspekten fan de abdijskiednis lykas de bouhistoary fan it abdijkompleks, de hilligenferearing, it besit en de politike betsjutting fan de abdij yn de ‘frije’ Frysk-Grinzer Ommelannen fan de lette Midsieuwen. De auteurs binne Folkert Bakker, Charles Caspers, Jan Delvigne, Hildo van Engen, Renée Nip en Oebele Vries. De útjefte is mei mooglik makke troch it Europees Landbouwfonds voor plattelandsontwikkeling: Europa investeert in zijn platteland.

Mooie woorden

"As it net sile wol, moat men lavearje"

Als men niet kan zeilen moet men laveren