
Yn desimber 2007 organisearren de Fryske Akademy en it Histoarysk Sintrum Ljouwert nei oanlieding fan de 500ste bertedei fan de jurist en politikus Viglius fan Aytta (1507-1577) in kongres, dęr't de Aytta's en Fryslân it sintrale tema fan foarmen. De ynliedings fan de fjouwer sprekkers sille no yn in aparte bondel ferskine.
It giet dęrby om bydragen fan Paul Noomen (oer de âldste Aytta's), Oebele Vries (oer Viglius syn omke Bernardus Bucho fan Aytta), Folkert Postma (oer Viglius syn bân mei Fryslân) en Onno Hellinga (oer de delgong fan de Aytta's nei Viglius syn dea). Boppedat sille Paul en Onno in nije útjefte fersoargje fan de Genealogia Ayttana, in hanskrift oer Viglius syn miichskip út sa likernôch 1575, mei in paralleloersetting en in neiere analyze.
“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt węr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)