Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

De ideology fan ‘folk en lân' yn Fryslân, 1914-1946

Doel fan it űndersyk is ynsjoch te jaan yn it tinken dat útgiet fan folk (it Fryske folk) en lân (de Fryske grűn). De eleminten dęrfan binne werom te finen op it męd fan it tinken oer folkskunde, literatuer, skiednis fan Fryslân, Fryske Beweging, agraryske polityk, ekonomyske űntjouwing, antropology. Dat binne de boustiennen fan (de ferskate ferzjes fan) de Frysk-nasjonale ideology sa't dy him tusken de beide wrâldoarlogen oppenearre. De resultaten fan it űndersyk sille yn in monografy presintearre wurde. De publikaasje sil ein 2008 ferskine.

Resinte publikaasjes gongen oer de Fryske literatuer yn 'e Twadde Wrâldoarloch, de suvering fan 'e Fryske Beweging (1945-1946), de oprjochting fan 'e Fryske Akademy (1938), it folkskundich űndersyk yn Fryslân tusken 1920 en 1945 en Douwe Kiestra.

Mooie woorden

"Te węzen of net te węzen, dat is de fraach"

William Shakespeare (1564-1616)