Johan Frieswijk, 'De oprjochting fan 'e Fryske Akademy (1938)', It Beaken 62 (2000) 4.
Yn dit artikel wurdt in oersjoch jūn fan 'e ideeėn en inisjativen dy't laat hawwe ta de oprjochting fan 'e Fryske Akademy yn 1938. It konsept fan in Fryske Akademy fan Wittenskippen kaam foar it earst nei foaren yn 'e tiid fan 'e Earste Wrāldoarloch. It duorre noch mear as tweintich jier foar it yndied safier wie. Ynterne skelen binnen de Fryske Beweging kearden dat proses op. De Provinsjale Underwiisrie naam yn 1938 it inisjatyf. De Fryske Akademy tanke harren ūntstean oan it feit dat it provinsjaal bestjoer in aktive rol begūn te spyljen yn 'e problematyk fan 'e Fryske taal. Prof. Titus Brandsma en dr. G.A. Wumkes wiene de wichtichste inisjators ta de oprjochting fan 'e Fryske Akademy.
Skiednis is de tsjūge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hāldt it ūnthāld libben, jout help yn it deistich libben en bringt śs tynge fan it ferline. Cicero (106-43)