Johan Frieswijk', 'Over boerenhuizen, ûleboerden en kippentrappetjes. Volkskundige activiteiten in Friesland in de periode 1918-1945' . Volkskundig Bulletin 25 (1999) 1
It artikel behannelet de bestudearring fan de folkloare yn Fryslân yn 'e jierren 1918-1945. De aktiviteiten op dat mêd yn Fryslân wurde ferlike mei de ûntjouwing fan 'e folkskundige stúdzjes yn Nederlân en dêrbûten. Om't it by de stúdzje fan Fryske folkloare benammen gong om it typysk Frysk-eigene, spile de Fryske Beweging dêryn in grutte rol. Oare wichtige eleminten wiene de fantastyske teorieën fan Herman Wirth, de Frysk-nasjonale skiedskriuwing fan Fryslân en it ûntstean fan 'e geakunde. It 'Germanentum' en it grutte Fryske ferline waarden kaai-eleminten yn 'e publikaasjes fan de Fryske folkskundigen. De wichtichste minsken op dat mêd waarden sympatisanten fan it nasjonaal-sosjalisme en wiene grif ynteressearre yn 'folkske' organisaasjes, lykas de 'Volksche Werkgemeenschap'. It gefolch fan dy konsintraasje op it Frysk-eigene wie dat it meast publisearre waard yn de Fryske taal en yn Fryske periodiken. Dochs spilen de Fryske folkskundigen ek in rol yn de gruttere rûnte fan de Nederlânske folkskun
Als men niet kan zeilen moet men laveren