Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

De Utrechtse kronyk fan de Dútske Oarder

detail kronyk 009-recto

De ‘Cronike van der Duytscher Oirden’ of Jüngere Hochmeisterchronik is in Middelnederlânske kronyk út it lêste kwart fan de fyftjinde ieu, skreaun binnen de Utrechtse balije (bestjoersdistrikt) fan de Dútske Oarder, dy’t ek fêstigings yn Fryslân hie. Trije hânskriften binne oerlevere, yn argiven yn Wenen, Gent en Utrecht; in fjirde - de basis foar de achttjinde-ieuske edysje fan A. Matthaeus – is nei alle gedachten ferlern gien.

De kronyk fertelt it ferhaal fan de Dútske Oarder, in geastlike ridderoarder, te begjinnen yn Bibelske tiden en einigjend yn 1467. De gebeurtenissen binne ophongen oan de libbensbeskriuwings fan de ûnderskate heech- of grutmasters en fan de lânkommandeurs fan de balije Utrecht. Har heraldyske wapens binne by wize fan yllustraasje yn de marzje ôfbylde.

De eftergrûn dêr’t de kronyk yn ta stân kommen is, is nijsgjirrich, yn it foarste plak om’t it skiedwurk yn de relative perifery fan de oarder (it sintrum lei ommers yn de Baltyske regio) konsipiearre is. En twads om’t de oarder sûnt de ein fan de 14de ieu troch de bekearing fan de Litouwske foarsten it fûnemint ûnder har missy fuortsakjen seach: it fjochtsjen tsjin de heidenen. Boppedat hie hja troch oarlogen yn de rin van de 15de ieu gâns oan besit en macht ferlern. Mei oare wurden: de oarder moast op syk nei in nije legitimearring fan syn bestean. Krekt yn dy kontekst moat de tekst besjoen wurde: hoe giene de leden fan de oarder yn it westen mei de nije status om?

Dit promoasjeûndersyk wurdt útfierd troch Rombert Stapel, ûnder begelieding fan prof.dr. J.A. Mol (Fryske Akademy) en dr. A. Janse (Universiteit Leiden). Doel fan it projekt is in nije útjefte fan ’e  tekst en in ûndersyk nei de ynhâld en kontekst fan ’e kronyk.

 

Mooie woorden

“Nowhere is it ordained that history moves in a straight line.”

“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)