
Yn 'e lette Midsieuwen űnderskieden de Fryske lannen tusken Fly en Weser har fan de omlizzende gebieten trochdat domanialiteit en feodaliteit dęr űntbrieken. Ien fan 'e sintrale problemen yn 'e Fryske skiednis is de fraach oft dy útsűnderingsposysje ek al yn 'e iere Midsieuwen bestie. Undersiker Paul Noomen makket al in pear jier stúdzje fan de Fryske domanialiteit yn de iere Midsieuwen en nei de relaasje dęrfan mei it âldste parochywęzen en de oarsprong fan de Fryske adel. Syn wichtichst projekt op dit stuit is it skriuwen fan in monografy oer dat űnderwerp.
Yn it ferline ferskynden fan syn hân al ferskate artikels op dat męd, űnder oaren oer de âldste skiednis fan de stęden Grins en Ljouwert en oer it Fryske besit fan de abdij fan Echternach.
“Nearne is fęstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)