Yn ‘e tiid fan de Republyk spilen doopsgezinden yn Fryslân in tige wichtige rol yn it ekonomysk en maatskiplik libben. Benammen yn de Fryske Súdwesthoeke dreau de wolfeart foar it grutste part op har ynset. De doopsgesinden foarmen yn Snits, Boalsert, Warkum en Balk hast in elite op himsels, en makken ek diel út fan de lokale elites.
Cor Trompetter ûndersocht hoe’t de doopsgesinden yn de Fryske Súdwesthoeke dy posysje opbouden en fierder fuortsterken nettsjinsteande it ôfnimmen fan har oantal. Hy folge dêrta har ûntjouwing yn ferliking mei oare godstsjinstige groepearings en gong fierder nei yn hokker sosjale en politike netwurken se operearre hawwe.
Op 2 juni 2007 waard it earste eksimplaar fan it boek Eén grote familie. Doopsgezinde elites in de Friese Zuidwesthoek 1600-1850 presintearre.
Als men niet kan zeilen moet men laveren