Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Edelsmidden yn Fryslân en har maatskiplike posysje 1600-1800

It Fryske sulver is wrâldferneamd. Yn de Ier-Moderne Tiid wie Fryslân in ryk gewest en syn boeren en boargers lieten dat graach sjen yn allerhanne sulveren en gouden dingen, dy’t se ek as belizzing brűkten. Oer de objekten sels is it nedige bekend, mar net oer de minsken dy’t se makke hawwe. Drs. Peter Schoen fan it Hearrenfean makket stúdzje fan de maatskiplike posysje fan de goud- en sulversmidden, węrby’t er de lins skerp stelt op Boalsert om’t der gâns argyfmateriaal foar dy stęd beskikber is. Syn oandacht giet űnder mear út nei de sosjale eftergrűn fan de edelsmidden, har posysje yn it stedsbestjoer, har famyljerelaasjes, har religieuze oertsjűging en har partisipaasje yn it gilde. It űndersyk dat útműne moat yn it proefskrift, stiet mei űnder begelieding fan prof.dr. J.A. Mol. Peter Schoen is bűtengewoan lid fan de fakgroep skiednis.

Mooie woorden

“History is the witness that testifies to the passing of time; it illumines reality, vitalizes memory, provides guidance in daily life and brings us tidings of antiquity.”

“Skiednis is de tsjűge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it űnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)