Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Fryske stinzen yn 'e Midsieuwen

Yn in fetemaatskippij, lykas de Fryske, dêr't net in lânshear in geweldsmonopoly hie en lokale eallju foar master opsloegen, wie in grut tal drigings, mar allegear mei in beskieden omfang. Tsjin lytse bindes wie mei in lyts tal helpers in langduorjende ferdigening mooglik yn relatyf lytse machtsposysjes. Om dy reden is yn Fryslân oant fier yn 'e fyftjinde ieu in tige grut tal te ferdigenjen wentuorren te finen, al of net op in saneamde hege wier boud: in type fersterking dat yn oare kriten al yn 'e rin fan 'e trettjinde ieu yn ûnbrûk rekke wie.

Westerlauwersk Fryslân wie yn 'e lette Midsieuwen ryk oan stiennen huzen dy't ferdigene wurde koene, koartwei stinzen neamd. Dêrby moatte wy net tinke oan grutte boargen, lykas it Muiderslot oan de Fecht. Yn ferliking dêrmei hiene de measte Fryske stinzen net folle om 'e hakken. Soks hat te krijen mei it bysûnder karakter fan 'e Fryske maatskippij yn dy tiid.

Ynventarisaasje en analyze
Noomen syn stúdzje bestiet út twa parten. It earste is in ynventarisaasje neffens beskate kriteariums fan de - no meastentiids weiwurden - stinzen en hege wieren. Yn it twadde en wichtichste part sil in tematyske beskriuwing jûn wurde fan in stikmannich aspekten fan de stinzen en harren bewenners, de saneamde haadlingen. Benammen de wize dêr't de stinzen op tsjinst diene as pylders en draachpunten fan 'e fetefiering fan dy adel, sil omtinken krije. It projekt is úteinset yn maaie 1999. Yn 'e rin fan 2009 is de publikaasje ferskynd.

Mooie woorden

"As 't net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin"

Als het niet kan zoals het moet, dan moet het maar zoals het kan