
Yn dit dissertaasje-ûndersyk fan Joke Corporaal stiet it skriuwerskip sintraal fan ien fan de wichtichste Fryske skriuwers fan nei de Twadde Wrâldoarloch: Anne Wadman (1919-1997). Wadman wurdt folge fan 1935 ôf, it jier dat er yn ’e kunde komt mei de Fryske beweging, oant 1963, it jier dêr’t er yn beslút dat er leaver gjin skriuwer is as in skriuwer dy’t allinne yn Fryske ferhâldingen de muoite wurdich is.
De perioade 1945-1963 wurdt algemien sjoen as de tiid dêr’t de Fryske literatuer yn emansipearret. Der ûntstienen doe stadichoan twa literêre sirkwy’s: ien foar ‘bewegingsliteratuer’, literatuer dêr’t it tradisjonele byld fan Fryslân yn sintraal stiet, en ien foar ‘moderne literatuer’: literatuer dy’t kwa tematyk net ôfwykt fan dy earne oars yn Europa. Anne Wadman hat dit proses mei mooglik makke. Hy wie ien fan de meast fûleindige pleiters foar in Fryske literatuer op ‘Europeesk peil’, oftewol, literatuer dy’t ek bûten Fryslân sjoen wurde koe. Oars as men ferwachtsje soe, wiene de feroarings yn ’e Fryske literatuer him net nei it sin.
Oan de hân fan foar it grutste part net publisearre materiaal, lykas deiboeken en mear as twatûzen brieven út de perioade 1935-1963, wurde de literêre rûnten om Anne Wadman hinne yn kaart brocht. Gâns strideraasjes, mar ek hechte freonskippen passeare dêrby de revu. De Fryske literêre ûntjouwings wurde fan tichteby folge en tsjin de eftergrûn fan dy yn it gruttere Nederlânske taalgebiet pleatst.
Stribbe wurdt nei publikaasje yn de hjerst fan 2009.
de morgenstond heeft goud in de mond