
Yn it maatskiplik libben fan 'e njoggentjinde ieu spielen adellike en patrisyske famyljes in foaroansteand rol yn Fryslân. It wie hast fanselssprekkend dat sy hjir de wichtichste bestjoerlike en rjochterlike posysjes yn hannen hiene. Yn ’e rin fan ’e tiid ferlearen se dy posysjes foar in wichtich part oan oare groepearrings.
De maatskiplike feroarings dy’t dêr’t de grûnslach fan wiene en de gefolgen dy’t dy feroarings foar de posysje fan 'e oanbelangjende famyljes yn 'e Fryske (en Nederlânske) maatskippij hiene, steane sintraal yn it ûndersyk, dat útfierd waard troch Johan Frieswijk. It projekt waard begjin 2008 ôfsletten mei de publikaasje, op namme fan Frieswijk en (prof.dr.) Yme Kuiper fan de Ryksuniversiteit Grins, fan 'e herinneringen fan A. A. van Hasselt-Houwink (1847-1929) oan har jeugd op It Hearrenfean en oare egodokuminten fan har hân. Behalve dy stikken befettet it boek ek in beskriuwing fan de herinnerings fan de koetsier/húsknecht oan har. Hja ferkearde foar en nei har houlik yn 'e 'beste kringen des lands' en docht dêr ferslach fan. Nijsgjirrich is boppedat dat it hjir om in frouljuslibben út dy rûnten giet.
boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries