
De konsolidaasje fan de politike machtsferhâldings yn Fryslân 1600-1640
Doe’t it gewest Fryslân yn 1580 syn soevereiniteit herwûn, krige it in egalitêre mar ynstabile politike struktuer, mei gâns romte foar partikularisme en mar in lyts bytsje reewilligens om belêstings foar de generaliteit op te bringen. Dat late yn de trittiger jierren fan de 17de ie ta enoarme skulden en in politike impasse, dêr’t de Rie fan State troch in twa jier duorjende ‘bezending’ (permaninte missy) in oplossing foar besocht te berikken. In kombinaasje fan diplomatike pressy en driigjen mei militêr yngripen brocht in wersjenning fan de bestjoersstruktuer, hegere belêstings en mear macht foar de adel. Op de lange termn soe dit oars wol liede ta in sterke oligarchisearring. Dy ûntjouwings wurde troch Hotso Spanninga yn in proefskrift analisearre as ûnderdiel fan it steatsfoarmingsproses. De promotores binne prof.dr. S. Groenveld (Universiteit Leiden) en prof.dr. J.A. Mol. Stribbe wurd nei in ôfrûning yn 2009.
“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)