Op it stuit is in grut ûndersyksprojekt ôfsletten oer it Kalvinisme yn Fryslân, likernôch 1550-1650. Mei op grûn fan in analyze fan sa'n 350 parochys, letter kombinearre ta grifformearde gemeenten, is besocht in byld te jaan fan de ‘kalvinisearring' fan Fryslân. Sintraal stiet de fraach nei it tal grifformearden en oare leauwigen en de wize fan mei-inoar libjen fan minsken fan ferskate godstsjinsten.
De konklúzje is dat der in saneamde omgongoekumene wie. Oanslutend is fierder by wize fan ferliking ûndersyk dien nei de kalvinisearring fan Drinte. De resultaten dêrfan binne yn in lytse monografy publisearre.
“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)