Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Kleasters en maatskippij

Oan 'e ein fan de Midsieuwen telden de Fryske lannen tusken Flie en Wezer mear as 130 kleasters fan ferskate oarders. Dęrmei hie dit gebiet in nei ferhâlding tige ticht kleasterlânskip. Mei elkoar hiene dy kleasters om 1500 sa’n 15-20% fan de grűn yn hannen. Fanút in ekonomysk en sosjaal perspektyf moatte se lykwols net besjoen wurde as agraryske produksjesintra mar as leveransiers fan religieuze tsjinsten dy’t foar sponsors en partisipanten it paad nei de himel begeanber meitsje moasten. Yn de monografy dy’t űndersiker Hans Mol oer de Westerlauwerske kleasters skriuwt, wurdt de űntjouwing van dy do-ut-des (foar wat, hear’t wat) relaasje sintraal steld.

De Fryske casus is benammen de muoite wurdich om’t it gebiet ‘frij’ wie fan lânshearlik gesach an as sadanich net bűn oan dynastike tradysjes op religieus męd. De kleasterlike ‘sieleheilsmerk’ wie der dus iepen foar in frije kompetysje, sawol tusken de orden űnderinoar as tusken de potinsjele sponsors.

Fan de metoaden dy’t foar dizze stúdzje tapast wurde, binne der twa dy’t nijsgjirrige en nije resultaten jouwe; 1. rekonstruksje fan besit op basis van GIS; 2. analyse fan skinkings yn testamenten. It stribjen is om de monografy yn 2010 út te bringen.

In ynlieding op de tematyk is te finen yn it opstel ‘Bemiddelaars voor het hiernamaals. Kloosterlingen in middeleeuws Frisia' [PDF - 244 kB], yn de katalogus fan de útstalling 'Hel en hemel' dy't yn 2001 yn it Groninger Museum hâlden waard.

J.A. Mol

Mooie woorden

“The whole of science is nothing more than a refinement of everyday thinking.”

“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)