
Yn de santjinde en achtjinde ieu wiene de grytmans sûnder mis de machtigste reginten fan Fryslân. Dy foar it libben keazen rjochters en bestjoerder fan de tritich plattelânsdistrikten waarden ornaris foar har gritenij ôffeardige as folmacht nei de Lândei, de gearkomste fan de Fryske Steaten. Mei trije fearn fan 'e stimmen foarmen sy de mearderheid yn 'e Steaten. As grytman en as folmacht waarden sy keazen troch de eigners fan sa likernôch 10.000 stimhawwende pleatsen. Foar de machtsposysje fan de grytmans en har famylje wie dêrom it grûn- en stimmebesit tige wichtich. De situaasje yn Fryslân wie dêrtroch alhiel oars as yn 'e oare provinsje fan 'e Republyk. Yn 'e oare gewesten wiene de stêden wichtiger en spilen de boargerlike elites de earste fioel; nearne wie it elektoraat sa grut as yn Fryslân.
De kearn fan it ûndersyk bestiet út in analyze fan de stimkohieren fan 1640, 1698, 1758 en 1788. Troch in tanimmende konsintraasje fan stimmen by in beheind tal famyljes en troch de foarming fan stimmemonopoaljes ûntstiene der yn 'e rin fan 'e santjinde en achtjinde ieu echte grytmansdynastyen. Fierder wurdt ûndersocht binnen hokker omstannichheden dy oligargisearring mooglik wie, hokker strategyen brûkt waarden om de stimmen binnen de generaasjes te konsolidearjen en hoe’t de reginten de lukrative amten dy’t op de Lândei ferjûn waarden, ûnderinoar ferdielden. De politike mores wurde ek bestudearre. Boppedat wurdt de Fryske elite fan ‘binnenút’ besjoen troch middel fan case-stúdzjes fan de regintefamyljes Vegilin van Claerbergen en Sminia. De resultaten fan it ûndersyk sille publisearre wurde yn in dissertaasje dy’t nei alle gedachten yn 2008 ferskine sil.
“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)