Mei har ûndersyk wol de fakgroep Skiednis in bydrage leverje oan de stúdzje fan it ûntstean en de belibbing fan de Fryske identiteit. Identiteit wurdt dan opfette as in sammelbegryp foar in kollektyf mar doch spesifyk Frysk ferhanneling oer it eigen bestean. Sintraal stiet de dynamyk fan de Fryske skiednis, dêr’t it eigene yn it foarste plak yn ferliking mei de omlizzende regio’s bestudearre wurdt.
Dêrby jildt dat de Fryske identiteit in útdrukking fynt yn de Fryske literatuer en historiografy. Mar hja komt ek ta utering yn de fyzjes op, en de yndieling fan it lânskip, en yn de toponimy. Hjirfan ôflate swiertepunten binne de politike organisaasje, it plak fan Fryslân yn it steatsfoarmingsproses, de bysûndere ûntjouwings hjir op it mêd fan de religy, en de karakteristike ûntwikkeling fan stêden en lânskip. Fierder sil omtinken jûn wurde oan stratifikaasjeprosessen as spegel fan ekonomyske en sosjale feroarings .
De fakgroep wol fierder rjochtingjaand wêze yn it tagonklik meitsjen fan it faak unike Fryske boarnemateriaal foar in breed publyk. Fanút dy doelstelling wurdt grutte wearde hechte oan it digitalisearjen fan teksten en kaarten en fan de presintaasje fan kwantifisearbere gegevens fia ûnder mear it innovative HISGIS.
Yn har publikaasjes nimt de fakgroep diel oan it wittenskiplike debat op nasjonaal en ynternasjonaal nivo. Mar dan sûnder har regionale taak as ûndersyksynstitút mei in brede Fryske achterban te ferliezen. As sadanich moat de Fryske Akademy ommers ek kennis generearje oer de eigenheid fan regio’s en minderheden hjoedtedei en yn it ferline. Tagelyk wol de fakgroep mei har stúdzjes oanslute by tema’s as steatsfoarming, modernisearring fan bestjoer, leauwe, reformaasje, konliktbehearsking, lânskipsskiednis, filosofyske en yntellektuele streamings, besitsferhâldings, arbeidersbewegings en dynamyk fan identiteit en kultuer.
“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)