Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Proletarisearring en ûntstean fan de arbeidzjende klasse yn Fryslân

Doel fan dit troch Johan Frieswijk útfierde ûndersyk wie ynsjoch te krijen yn it ûntstean en de ûntjouwing fan 'e arbeidzjende klasse en dy fan it sosjalisme en 'e arbeidersbeweging yn Fryslân. Yn dat ramt waard yn de rin fan de jierren in tal dielprojekten útfierd. Ien fan de meast resinte aktiviteiten wie in ûndersk nei de opkomst en ûntjouwing fan 'e arbeidersdelsettings yn 'e easthoeke fan Fryslân. Haadtema’s wiene it ûntstean fan de arbeidersmienskippen (út hokker befolkingseleminten en troch hokker maatskiplike ûntjouwings waarden se foarme), it houlikspatroan, de beroppestruktuer, de sosjale mobiliteit en it eigen noarme- en weardestelsel fan 'e Kompenijsters. Dêrneist waard it libben fan trije generaasjes fan de (eigen) arbeidersfamylje rekonstruearre

It projekt is ôfsletten mei it ôfskiedssympoasium ‘Biografy en arbeidersbeweging’ op 5 juny 2008 yn Ljouwert. De foardrachten en inkelde andere stikken sille publisearre wurde yn in dûbelnûmer fan It Beaken 2009, nr. 1/2.

J. Frieswijk

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)