Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Sibrandus Leo: oersetting en werútjefte

De troch de Lidlumer kanunnik Sibrandus Leo (1528/29-1583) skreaune Abtelibbens fan Mariëngaard en Lidlum wurde ta de wichtichste ferhalende boarnen foar de skiednis fan midsieusk Fryslân rekkene. Hoewol't it om in let-sechtjinde-ieuske tekst giet, hat er in grutte ynformative wearde, benammen foar Noardlik Westergoa yn 'e Midsieuwen, dêr't fierder gjin literêre teksten en mar in lyts bytsje oarsoartige boarnen foar beskikber binne. Dat komt om't de auteur foar de skiednis fan syn eigen abdij, Lidlum, gebrûk meitsje koe fan in âldere kronyk dy't wy no net mear ta ús foldwaan hawwe.

Herman Th.M. Lambooij makke stúdzje fan it ûntstean, de teksttradysje, de resepsje en de betrouwberens fan de abtekroniken. Hy fersoarge dêrneist in nije edysje mei in paralleloersetting fan de tekst. Stúdzje en edysje binne healwei 2008 útbrocht, nei't it wurk op 17 juny as dissertaasje ferdigene is oan de universiteit fan Leien.

Ynljochtings by J.A. Mol

Mooie woorden

"Moarns let, de hiele dei let"

de morgenstond heeft goud in de mond