Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Skier en fet. De partijstriid yn Westerlauwersk Fryslân

De lannen tusken Flie en Wezer wiene yn de lette Midsieuwen frij fan lânshearlik gesach. Se erkenden allinne de keizer en kearden har tsjin elke greve of hertoch dy’t streekrjocht macht útoefenje woe. Dat betsjutte dat der gjin sintraal bestjoer mei in geweldsmonopoaly ta stân komme koe, sadat de Friezen foar it hanthavenjen fan har wetten op harsels oanwiisd wiene. Tapassing fan beheind geweld, om rjochtsoanspraken krêft by te setten, wie tastien. We prate yn dit ferbân oer in fetemaatskippij, dêr’t alles yn draaide om ear en status. Oan ‘e ein fan de 15de ieu ûntspoarde dy fetemaatskippij, wat late ta de foarming fan twa elkoar útslutende partijen: de Skieringers en de Fetkeapers. Ien dêrfan soe úteinlik de Dútske hertoch Albrecht fan Saksen te help roppe, dy’t as tsjinprestaasje erkenning as erfhear fan Fryslân easke. Dêrmei kaam in ein oan ieuwen fan selsbestjoer.

Matthijs Gerrits hopet yn in dissertaasjeûndersyk foarby de oant no ta tekoartsjittende ferklearrings fan de aard en de ûntjouwing fan de partijskippen yn Westerlauwersk Fryslân te kommen. Dêrby steane de politike elite fan, en de striid tusken de haadlingen sintraal; hoe besochten hja har ear en macht te beskermen en wat wie de aard fan har strideraasjes? Fan grut belang is fierder dat it tema yn een breder kader set besjoen wurdt. Duale partijstriid wie ommers een tige algemien ferskynsel yn letmidsieusk Europa. De Fryske casys sil dêrom mei dy yn oare gewesten ferlike wurde. 

It ûndersyk is op 1 jannewaris 2009 uteinset en makket diel út fan in grutter NWO-projekt ûnder leiding fan prof.dr. P.C.M. Hoppenbrouwers (Universiteit Leiden) en prof.dr. J.A. Mol (Fryske Akademy en Universiteit Leiden), dêr’t ferlykbere fragen yn steld wurde foar ûnder mear Utrecht en Gelre.

Mooie woorden

"Te wêzen of net te wêzen, dat is de fraach"

William Shakespeare (1564-1616)