
It ûndersyk foar de perioade oant 1850 hat as mienskiplik tema Macht, besit en legitimaasje. Útgongspunt is dat yn de oerweagjend agraryske maatskippij fan doe macht op it besit en de eksploitaasje fan lân basearre wie. De rekonstruksje fan tsjerklik en adellik grûnbesit biedt de mooglikheid om de machtsferhâldings fanút it perspektyf fan de elite bleat te lizzen. Dêroan relatearre is it histoarysk-geografysk en toponymysk ûndersyk. De kommende jierren sil fierder ynset wurde op stúdzjes nei it ûntstean en de ûntjouwing fan it noardlik kustlânskip, mear yn it bysûnder fan de bedikings en feanûnginnings yn har ûnderlinge gearhing. Dêrneist sille de fyzjes op it gebrûk en de yndieling fan it lânskip bestudearre wurde, sa’t dy by âlds oan de agraryske idintiteit fan Fryslân keppele wurde. Dy benadering liedt net allinne ta in skerper ynsjoch yn de gefolgen fan it minsklik yngripen yn it lânskip, mar draacht ek by oan de kennis fan it funksjonearjen fan wetterskippen en bestjoersynstellings.
De twadde diagrone ûndersyksline lit him fange yn de termen Bestjoer, kapitaal en idintiteit. It begryp kapitaal slút yn dit ferbân oan by it troch Bourdieu ûntwikkele konsept dêr’t de akkumulaasje fan sosjale, ekonomyske, kulturele en symboalyske machtsposysjes as rjochtingjaand yn sjoen wurde foar de ûntplooiing fan yndividuen en sosjale groepen yn in him differiënsjearjende maatskippij. It eigene fan de Fryske ûntjouwing yn de Iermoderne perioade krijt reliëf tsjin de eftergrûn fan de politieke, sosjale en ekonomyske dynamyk. Foarmjouwers fan in fernijde Fryske idintiteit yn de perioade 1500-1800 wiene it stedhâlderlik hof, it provinsjale bestjoer en de stedelike elites mei har civic culture. Foarmjaand wiende ek de agraryske en maritime ekonomy, de religieuze polarisaasje en de yntellektuele ûntjouwings, ûnder mear yn de literatuer en de historiografy. It ûndersyk sil him de kommende jierren op dy tema’s rjochtsje.
Ûndersyk nei de 19de en 20ste ieu waard binnen de Akademy oant 2008 ferrjochte fanút it perspektyf Kultuerfernijing en idintiteit. Ien fan de ûndersyksfjilden wie dat fan de ûntjouwing en fersterking fan de regionale idintiteit troch de opkommende Frysktalige literatuer sûnt de Romantyk. Yn it kontemporêne histoarske ûndersyk steane fierder de gefolgen fan yndustrialisaasje en de fersprieding fan sosjale bewegings en politike streamings sintraal. Kearntema’s binne dêrby de mate fan yntegraasje fan Fryslân yn de algemiene Nederlânske ûntjouwings, en har gefolgen foar de belibbing fan de Fryske idintiteit.
“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt wêr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)