
In nammekundich en histoarysk-geografysk ûndersyk nei fiif nammetypen yn Fryslân
Doe’t der noch gjin diken wiene, bouden de bewenners fan it Fryske kustgebiet har huzen op terpen om har tsjin de see te befeiligjen. Allinnich yn Fryslân al binne tusken de 1500 en 2000 fan dy ferhege wenplakken oanlein. Gâns nammen fan dy delsettings einigje op –um, -(e)ns, -wert, -wier of –terp. Dr. Karel F. Gildemacher ûndersocht en beskreau har ûntjouwing fan de earste fermelding ôf oant sa likernôch 1550. Hy ferlike dêrby de wichtichste groepen nammen. In nijsgjirrige útkomst betreft de gronology. It die nammentlik bliken dat de nammen foar elkoar oer goed datearre wurde kinne. De –um-nammen binne it âldst mar waarden dochs net earder foarme as yn de fyfde of sechsde ieu doe’t Fryslân in alhiel nije befolking krige. De monografy dêr’t Gildemacher syn resultaten yn publisearre, is yn septimber 2008 útkaam.
“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)