
Fan it Oera Linda-boek besteane twa Nederlânske edysjes. De earste, fan 'e hân fan J.G. Ottema, ferskynde yn 1872 (twadde print 1876), de twadde fan 'e hân fan J.F. Overwijn yn 1941 (twadde print 1951). Sawol Ottema as Overwijn leauden dat de tekst út 'e âldheid kaam en harren útjeftes drage dęrfan de spoaren; de dűbelsinnigens fan 'e tekst is yn harren oersettings foar it grutste part ferlern gien.
Benammen de edysje fan Ottema hat dęrby op 'e resepsjeskiednis fan it boek grutte ynfloed hân, om't syn oersetting de grűnslach wie fan in tal bűtenlânske edysjes. Om dy reden hat Goffe Jensma in nije edysje fersoarge, mei in faksimilee, in transkripsje en in nije oersetting en in tal apparaten mei kommintaar en ferwizings. De publikaasje is útkommen op 9 april 2006
de morgenstond heeft goud in de mond