
Yn 1542 hat Karel V de Fryske gemeenten opdracht jūn om listen gear te stallen fan de grutte, grinzen en jierlikse opbringsten fan de patroans, pastorij-, fikarij-, en prebindebesittings fan alle Fryske parochy's binnen har gebiet. Dy binne foar de measte stźden en gritenijen ek bewarre bleaun. Allinnich Frjentsjerteradiel, Einjewier, Gasterlān, Skoatterlān en ferskate doarpen ūntbrekke.
Der bestiet in śtjefte fan, printe yn 1774 mar earst yn 1850 troch J. van Leeuwen publisearre. Om't it om in faak brūkte, tige detaillearre boarne giet, dy't in skerp ynsjoch yn de finansiering fan de midsieuske Fryske parochytsjerken en har betsjinners jout, en boppedat gāns nammen en gegevens oer lāngebrūk befettet, is it plan ūntstien om der sawol in digitale śtjefte as ien yn boekfoarm fan te meitsjen. It stribjen is om de teksten yn 2009 yn druk en op 'e site beskikber te hawwen.
I let my dreams roam far and saw the heavens open
Obe Postma (1868-1963)