Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Doel en taak

It sintrale tema yn it ûndersyk fan 'e fakgroep is meartaligheid. Dat tema bestrykt in breed mêd fan aktuele ûntjouwings en hat te krijen mei it karakteristike fan 'e maatskippij yn Fryslân. Fragen oer de ûntjouwings fan 'e talen en it taallearen binne it wichtichst. Net allinne de regionale diminsje is dêrby fan belang, krekt ek de ynternasjonale diminsje nimt in grut plak yn troch de goede mooglikheden om te ferlykjen mei oare taalminderheden yn Europa. It seit himsels dat it kontakt en de wikselwurking mei de Nederlânske taal en kultuer in grutte rol spylje by de aktuele ûntjouwings.

Yn 'e praktyk fan it ûndersyk giet it derom dat wy besykje nei te gean hoe't taal en kultuer funksjonearje yn 'e Fryske mienskip. Wy rjochtsje ús ek op aktuele sosjale problemen dy't te krijen hawwe mei it funksjonearjen fan oerheden, libbensskôging en efterstannen yn it ûnderwiis. Om't binnen de sosjale wittenskippen en binnen Europa oer it algemien de lêste jierren it omtinken foar it aspekt 'meartaligheid en taalferskaat' hieltyd grutter wurden is, is ús sintrale tema 'meartaligheid' in goede kar-út. De fakgroep kin him dêrmei goed regionaal, nasjonaal en ynternasjonaal profilearje.

De fakgroep hat njonken de beheinde fêste basisformaasje ek ferskate tydlike meiwurkers. De rispinge fan it wurk is te sjen by it oersjoch fan projekten en fan 'e publikaasjes. As stazjêre of as skripsjeskriuwer fine ûnderskate studinten alle jierren in tal moannen by de fakgroep ûnderdak en wurde se begelaat troch in meiwurker fan FSW.

Mooie woorden

"bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries"

boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries